Stipersjûn Akkrum Ald en Nij 2024.

CB van Woerden: Fan oaljestamperij oant tsiiseksport en greathannel.

 

Akkrum - Op woansdei 6 novimber organisearret de Stifting Akkrum Ald en Nij syn jierlikse Stipersjûn yn de grutte seal fan Leppehiem oan de Leppedyk yn Akkrum. Ek dit kear hawwe we nijsgjirrige ûnderwerpen foar jo.

We begjinne mei ‘In slach troch Akkrum’, in plaatsje mei in praatsje, mei dêryn âld-Akkrumers. Nei it skoft gean we nei de presintaasje “CB van Woerden: Fan oaljestamperij oant tsiiseksport en greathannel”, fan Jan Eijzenga. Hy hat yngeand stúdzje makke fan dit yndrukwekkende famyljebedriuw. Jierren lang hat van Woerden it gesicht fan de Galemaleane yn Akkrum bepaald. De grutte pakhuzen tsjûgje dêr no noch fan. We kinne in ynteressant ferhaal ferwachtsje, mei in soad byldmateriaal.
De jûn begjint om 19.30. Stipers fan Akkrum Ald en Nij hawwe frije tagong. Binne jo noch gjin stiper en wolle jo dit ferhaal fan van Woerden en de ‘Slach troch Akkrum’ mei âld-Akkrumers net misse? Jo kinne oan de seal fan Leppehiem stiper wurde fan € 8,50 it jier ôf.
Der is altyd in soad flecht op ‘e koai, dat: Kom op tiid, want fol = fol.
. . . De tekst by de foto fan it personiel fan it tsiispakhús fan de firma van Woerden & soanen út 1912. Fan links nei rjochts: Haite Knijpstra, Stoffel de Boer, Evert van Veen, Jacob Langeraap, Jacob de Boer, Piet Weenings, Berend Zoethout, Hendrik Wedman, Harm Eisinga, Fokke Schouwstra, Klaas Mast, Eat van der Veen, Jan van Houten en Meine Woudstra. De nammen komme fan âld Akkrumer Atze de Vries.



Tige slagge jûn oer de Trigreppel yn ‘e doarpskeamer.

Akkrum- De presentaasje van de stifting Akkrum Ald en Nij, oer de Trigreppel, hat safolle minsken lutsen, dat se lang net allegearre yn de ‘Doarpskeamer’ koenen. Der moasten woansdei-te-jûn 7 febrewaris spitigernoch guon werom stjoerd wurde. Rom foar de oanfang wiene alle stuollen al beset. De measten wiene bewenners of âld bewenners fan de Trigreppel. Mei moaie bylden, ynformaasje en smeuïge anekdoates fan Akkrum Ald en Nij bestjoerder Pier van der Heide, mar ek fanút de taskoagers kaam moaie oanfullings en ynformaasje oer de strjitte, wetter, húzen en (âld)bewenners. Mei in kopke kofje/tee en waarmte fan de Doarpskeamer wie dit in tige slagge jûn te neamen.

Foar de minsken dy der woansdei-te-jûn net yn koene, of net koene, wolle wy fan Akkrum Ald en Nij de searje foto’s noch ris fertoane. Wannear dit wurdt krije jo noch te hearren. Ek oaren minsken binne dan wolkom dy’t der yn ynteresearre binne. Let wol, de romte is beheind. Net stipers kinne stiper/donateur oan de ‘seal’ wurde.

Sneintemiddei 25 september 2022

Boppe Sneintemiddei 25-9-2022



Der kin op ús jierlikse iepenbiere jûn NET reservearre wurde !  Dus KOM-OP-TIID.

Er kan op onze jaarlijkse openbare avond NIET gereserveerd worden !  Dus KOM-OP-TIJD.

FOL = FOL   =    VOL = VOL.

AGINDA.              AGENDA.

It bestjoer fan Akkrum Ald & Nij hâldt syn gearkomste op de earste woansdei fan 'e moanne, jûns om healwei achten yn de regintenkeamer fan Coopersburg. Ha jo fragen of oare wichtige Akkrum saken? Dan wolle wy dat graach meinimme yn ús gearkomste. Oanleverje kin oant in dei fan tefoaren by ien fan it bestjoer. Jo kinne it ek op in formulier (hjirnjonken) ynfolje en op 'Vezenden' klikke.

Het bestuur van Akkrum Ald & Nij houdt zijn vergadering op de eerste woendaganond van de maand, 's avonds om half acht in de regenten-keamer van Coopersburg. Heeft u vragen of andere belang-rijke Akkrum zaken? Dan willen wij  die graag meenemen in onze vergadering. Aan leveren kan tot een dag van tevoren bij één van de bestuursleden. U kunt het ook op een formulier (hiernaast) invullen en op 'Verzenden' klikken.


Iepenbiere jûn Akkrum Ald & Nij
op 20 novimber 2019.

Op woansdei 20 novimber hâld Akkrum Ald & Nij har jierlikse iepenbiere jûn wer yn Leppehiem.

 


Boppe: Palmsnein; 14 april 2019. Mei in taspraak op it bordes fan Coopers-burg Troch burgemaster van der Zwan fan Gemeente It Hearefean. 

 

Boven: Palmzondag: 14 april 2019, met in toespraak op het bordes van Coopersburg door burgemeester van der Zwan van Gemeente Heerenveen.

 


Der kin op ús jierlikse iepenbiere jûn NET reservearre wurde !  Dus KOM-OP-TIID.

Er kan op onze jaarlijkse openbare avond NIET gereserveerd worden !  Dus KOM-OP-TIJD.

FOL = FOL   =    VOL = VOL.

Der kin op ús jierlikse iepenbiere jûn NET reservearre wurde !

Er kan op onze jaarlijkse openbare avond NIET gereserveerd worden !  Dus KOM-OP-TIJD.