NIEUWSBRIEF 'AKKRUM ALD & NIJ'

 Januari 2018.                                      Nijsbrief fan Stifting Akkrum Ald & Nij.        

Dit is de earste Nijsbrief fan Akkrum Ald & Nij 2019.


Foar jim leit de earste nijsbrief fan de Stifting Akkrum Ald & Nij. It bestjoer hat mient in nijsbrief te yn it libben te roppen en te lânsjearjen. In nijsbrief mei nijsfeiten en foto's fan it ôfrûne rom heal jier. D'r is in hiel soad bart yn ús rûntsje. Allerearst ús jubileum fan 75 jier Akkrum Ald & Nij. Dat ha we fiert op ús jierlikse iepenbiere jûn op woansdeitejûn 14 novimber yn Leppehiem. In folle bak mei 150 stipers en oare belangstellenden, dy allegearre traktearre binne op kofje mei gebak mei dêrop it âlde logo fan Akkrom, yn de doarpsrounte meinioer ien. Oprjochte op 22 janewaris 1942. Dan wie der ek noch 'Meet Me At The Fountain'. De 'The Bigg Store' fan Siegel & Cooper oan Sixt Anenue yn New York 1896 wie neiboud oan it Heechein yn Akkrum. Sa'n 500 frijwilligers ha fjouwer dagen yn twa wykeinen op 9, 10 en 16, 17 juni wat moais foar tûzenden besikers delsetten. It bestjoer fan AA&N wiene yn 'e persoanen fan reginten stapt en wiene dermei twa wykeinen regint fan Coopersburg. Douwe van der Meulen en Theo Mast wiene yn de regintenkeamer en ûntfongen in hiel soad (100-ten) gasten. Appie Kamstra, Bart Dikkerboom en Pier van der Heide wiene gruttendiels te fynen yn harren diske by Arend Tulner op 'e stoepe. Dêr wiene de wer printe edysje fan ;"Alle minsken binn' myn broerren' fan it 100 jiereich jier bestean fan Coopersburg, dy 't as waarme broadsjes ferkocht waarden. Dêr njonken wiene de ek âlde foto's fan âld Akkrum en Nes te keap. Al mei al in moaie simmer. Sixt Avenue fan New York ut 1896 yn Akkrum.