Jannewaris 2019. Nijsbrief Stifting Akkrum Ald & Nij. Nûmer 1.
Understeand it 'nije' âlde logo fan "Akkrom, yn ús doarpsrounte meiinoar ien". Dêrûnder in stikje oranjekoeke mei dêrop it âlde logo fan de Stifting AA&N.
Akkrum /Nes - Foar jimme leit de earste nijsbrief fan de Stifting Akkrum Ald & Nij. It bestjoer hat miend in nijsbrief yn it libben te roppen en te lansearjen. In nijsbrief mei feiten en foto's fan it ôfrûne rom heal jier. Der is in soad bard yn ús rûntsje. Boppesteand in nijjierswinsk foar jimme allegearre, mei in moai printsje fan âld Akkrum. En dan ús jubileum fan 75 jier Stifting Akkrum Ald & Nij. Dat ha we fierd op ús jierlikse iepenbiere jûn op woansdei 14 novimber yn Leppehiem. In folle bak mei 150 stipers en oare belangstellenden, dy’t allegearre traktearre binne op kofje mei gebak mei dêrop it âlde logo fan "Akkrom, yn de doarpsrounte meinioar ien", oprjochte op 22 jannewaris 1942. Dan wie der ek noch 'Meet Me At The Fountain'. De 'Big Store' fan Siegel & Cooper oan Sixth Anenue yn New York 1896 neiboud oan it Heechein yn Akkrum. Sa'n 500 frijwilligers ha yn twa wykeinen op 9, 10 en 16, 17 juny hiel wat moais foar tûzenen besikers delsetten. It bestjoer fan AA&N wie yn 'e persoanen fan reginten stapt en wiene dermei twa wykeinen regint fan Coopersburg. Douwe van der Meulen en Theo Mast wiene yn de regintekeamer en hawwe hûnderten gasten ûntfongen. Appie Kamstra, Bart Dikkerboom en Pier van der Heide wiene meast te finen efter harren diske by Arend Tulner op 'e stoepe. Dêr waard de werprinte edysje fan it jubileumboek fan Coopersburg, "Alle minsken binn' myn broerren' (2001), as waarme broadsjes ferkocht. Dêrnjonken wiene de ek noch foto's fan âld Akkrum en Nes te keap. Al mei al in moaie en waarme simmer op Sixth Avenue fan New York út 1896 yn Akkrum. Op ûndersteande foto flnr: Bart Dikkerboom, Pier van der Heide, Douwe van der Meulen, Theo Mast, Jan Eijzenga, Appie Kamstra en Anne Kooistra by de yngong fan de 'Big Store' mei "The Statue of the Republic" op 'e eftergrûn. Foto rjochts; Douwe van der Meulen en Theo Mast yn de regintekeamer fan Coopersburg (mei tank oan fotograaf Cor Brouwer fan 'Kûpershjoed'.)