Nijsbrief fan Akkrum Ald & Nij.                                     Oktober 2020, nûmer 6.


De iepenbiere jûn, dy't op 4 novimber 2020 hâlden wurde soe, GIET (fanwegen KORONA) NET TROCH.

Derom dizze berjochtjouwing:

It boek: "De boerderijen van Akkrum" is te keap foar  €15,- by boekhannel Friso op it Heechein yn Akkrum.

 

 

oersjoch simmer 2020.

Juny 2020: De koronakrisis is stadichoan wer oan it ôfnimmen. Mar dat wol net sizze dat alles samar wer trochgean kin. Palmsnein, de iepening fan it wettersport seisoen, de Reuzedei, de Akkrumer merke en de Shantydei binne allegearre oan ús foarby gien of sille oan ús foarby gean.

Spitich is it feit dat Donna Hawk (út it Amerikaanske neiteam fan Folkert Kuipers) net nei Akkrum komme koe troch it koronafirus. In lytse treast is it dat der mear dingen net trochgean koenen. Litte we hoopje dat de iepenbiere jûn op woansdei 4 novimber wol trochgean mei. Der is sa geandewei al aerdich wat ferdividaasje oergien. Ek it grutte feest fan75 jier befrijing koe net trochgean. In soad dingen wurde trochskood nei 2021.

 

Heal juni: In soad nijs is der eins net, mar der binne dingen dy't wol troch geane, lykas is it "Boereboek", der 't hurd oan wurke wurdt troch Geart de Jong, Freerk Wind en Aaltsje Siesling. It doel is om it foar de Iepenbiere jûn klear te krijen en dêr dan ek te presintearjen. De fraach is noch even oft de jûn wol trochgean kin fanwege datselde Koronafirus dat ús knap yn 'e besnijing hat. It bestjoer komt dizze simmer ek net  hiel faak gear.

 


Septimber: Leppehiem hat witte litten dat ús iepenbiere jûn op 4 novimber definityf NET trochgean kin troch Konona. Der is no besletten om it 'earste' eksimplaar fan it 'Boereboek' op 30 septimber oan te bieden oan Jitske Bakker, dochter fan de eardere doarpshistoarikus Metten Bakker. It boek mei 225 siden is foar €15 te keap by Boekhannel Friso yn Akkrum. Op ûndersteande foto (f.l.n.r.): Geart de Jong, Jitske Bakker en Freerk Wind.