"Keatsjen"of "Keatsjitte".

Keatsjen op 'e Trigreppel. Wy wite net wa der op de foto stean. De foto's binne fan 1941.

In lange rigele fan hjir en der in keat der tusken út is in 'djoer' grapke foar de gooier.

Keatsjen mei op 'e eftergrûn it spultsje fan Gerrit Slange.

By ingoeie worp bleau der in wirwar fan keatsen op it iis lizzen.


Piksjitten op 'e dyk.

Piksjitte wie net allinnech  in Akkrumer oangelegenheid. It waard ek op oare plakken dien en ek benammen troch âlderen beoefene, miskien mei oare spulrigels en fariaasjes, mar it is noch net alhiel út 'e tiid (1977). It liket as hat it piksjitten altearst wat Akkrum oanbelanget, ôfdien. Want nearne yn it doarp wurdt it mear dien. It falt ek net ta om der in gaadlik plak foar te finen, no 't it ferkear oerol beslach op leit en de jongelju sawol as de âlderein oare mooglikheden ta dividaasje hawwe. Foarinne waard it in protte dien troch de jongfeinten en dan meast sneintemiddeis, as der net folle te belibjen wie. It tal dielnimmers mocht net te lyts of te grut wêze  en siet meast tusken fjouwer en acht. By de félading fan it spoar lei in flak stik grûn dat him tige gaadlik liende foar it piksjitten. It wie befluorre en lei net oan de strjitte en der koe ûnbehindere en frij it spul dien wurde, as de meidoggers mar  net op it spoarterrein kamen. Foar de tiid hie elk in grouwe stien út  it grind útsocht, dy't maklik yn 'e hân lei en rôlje woe. Yn 't midden waard in grouwe bakstien (klinkert) op 'e kant set, der't elke meidogger in sint op lei mei de munt nei boppen. Dan waard striekelutsen om de folchoarder by 't smiten en koe it spul begjinne. De miet lei sa'n acht oant tsien meter ôf (fuort) en it wie in kuenst om de stien om te goaien. Slagge dat mei de earste kear, dan mocht de man dy't m omsmiten hie, de sinten dy 't mei de ljuw nei boppe leinen, yn de bûse stekke. De oaren kamen wer op de stien te lizzen. Syn pikstien moast er lizze litte, want as ien fan syn maten yn de earste kear de pik rekke, dan moast er de wûne sinten oan him ôfdrage. Der wiene twa fariaasjes; As de klinkert stean bleaun wie en de sinten wiene noch net allegearre fertsjinne, dan koe it spul wer op 'e nij begjinne, by de miet wei, mar it wie ek mooglik, as de dielnimmers allegearre oan bar west hienen, dat it spul fuotset waard fan it plak ôf, der't de pik earder telâne komd wie. Dat joech mear kansen en spanning. Wie de leste sint mei it krús nei boppe fertsjinne, dan wie it spul út en koe op 'e nij beguon wurde. Der sille wol mear fariaaskjes op weze, mar sa waard eartiids by de félading it piksjitten troch ús dien. (Ut Akkrumer Almenak, Merten Bakker 1977).

 


Piksjitten op 't iis.

Piksjitten op 't iis is in oar spultsje  as Keatsjen ek op it iis spile waard. It persoaniel fan it bûterfabryk hat ek in pear jier op 't iis oant piksjitten west. Mar die dat  net mei stiennen mar mei pikhouten. Dat wiene fjouwerkante blokken fan hout, dy't troch de kûper oanmakke en fan binnen mei wat lead ferswiere wienen, sadat it wat makliker gliede. De miet lei dan wat fierder, omdat de pik op 't iis makliker glied as ús stiennen op e strjitte. (Ut Akkrumer Almenak, Merten Bakker 1977).

Piksjitten op Nes.

Op Nes is it ek jierren dien troch in ploechje âlderen. we hawwe it no oer de jierren 60/70 fan de tweintigste iuw.  (Benammen de minsken fan de iis wegen sintrale. Dan hawwe we it oer Fedde Walstra, Jappie Nieuwland, enz.)  It waard meast dien achter de âlde F.C.E. Hjoeddedei binn' der gjin winters mear en is dermei is it Piksjitten as ek it Keatsjen oer en út . . . . of soe it toch noch in kear . . . .

 

Boppeste foto; Piksjitten mei Lute Dikkerboom, Jappie Nieuwland, Tseard Snoek,?, Albert de Vries achter de âlde FCE fabryk. (Mei tank oan Baukje van den Berg - de Vries).

Piksjitblokken fan uo.as Fedde Walstra en JB. (mar wa wie J.B?).