"Fuotbaljen"
. . . makke ek diel út fan de Meinesleat.
Lokaasje: Op 'it Biljet'.
It Biljet, dat yndertiid oan de noardkant fan de Meinesleat lei, stie yn it Floreen- en it Reëelcohier ûnder ''losse landen" oanjûn as De Biljetsfenne, mar sûnt 1759 hearde it ta it eigendom fan pleats nr. 56. ('De Welgelegenpleats'). Oarspronkelik wie it leech, bûtendyks lân, dat yn 'e winter meastal ûnder wetter stie en dan oan de beide iisklubs gelegenheid bea, om dêr de hurdriderijen te hâlden. Wierskynlik hat it yn it ferline diel útmakke fan de mienskarren. Yn de tritiger jierren fan is it brûkt foar sportfjild en waard der in swimynrjoichting oanlein: no is de lêste in skiphûs wurden en is it sportfjild yn gebrûk as steanplak foar karavans en tinten. De namme 'Biljet' wurdt net sa folle mear brûkt: Allinnech âld-Akkrumers witte noch fan it bestean ôf. Us doarpsdichter Willem Jehannes Koopmans ferklearre de namme út de rjocht-hoekige foarm lykas in biljert wylst ek it lân der sa effen en egaal hinne lei. Ald Akkrumers sochten in ferbân mei de jierlikse ferhiering by ynskriuwing op ''Biljetten''. Kalma siket it yn Fr. Plaknamman 2 ek yn de foarm. Yn Fr. Plaknammen1 neamt hy de namme ''Bil'' foar ''lân yn en oan it wetter'', lykas Sipma dat ek docht yn Fr. nammekunde 2s. 96 en 111, hoewol't dy ''bil'' oanjout foar '' út it wetter oanwoechsen lân''. Deselde seit op side 76, dat it wurd ''jet'' in ''gat of trochgong yn in dyk''betsjutte kin. Soe dan dochs de namme Biljetsfinne'' út 1700 ferbân hâlde kinne mei ien fan dizze synonymen of mei allebeide? (Ut "Toponymy fan Akkrum en Nes" fan Merten Bakker, 1982)
(Hjirút fertale nei it Hollânsk)
Earst skiepen ferweidzje en dernei skiepekeutels sykje en opromje om dan fuotbaljen te kinnen. Dat wie in fêste stramyn op it earste fuotbalfjild fan de Akkrumer Fuotbal Klub (AVC), oan de noardkant fan de Meinsleat.
Nei in trijetal lokaasjes ( . . . ), - kaam Jisk de Jong mei in nije lokaasje foar de Akkrumers mei in fuotbalfjild oan. As rintmaster hie hy it behear oer in stik lân, dat 'It Biljet' neamd waard. It lei benoarden de Meinesleat. Yn it fjild siet in djippe greppel, dy't fan it plak der't it doel stean moast oant de daam dy tagong joech ta it hiem fan boer Hooghiemster. Yn in gearkomste mei Jisk de Jong en oare hearen fan de sportkommisje Akkrum waard troch de fuotbalferiening wezen op it probleem en men fersocht mei spoed dit fjild bespielber te meitsjen. Hylke van der Molen, ek in man fan it earste oere by de fuotbalferiening, wie ek by dizze gearkomste. Hy stelde foar om it fjild wat nei achteren te lizzen, wertoch it probleem mei de greppel oplost wie. De hearen wiene net bereid op dit foarstel yn te gean. Wol wiene se bereid, nei in oanbod fan in betelling fan f.100- it sljochtsjen fan de greppel yn oarder te meitsjen. Men gie akkoord en nei in pear wiken wie it fjild bespielber. De klaaihokjes fan it swimbad waarden no ék as klaai-gelegenheid brûkt, sa wie wer in probleem oplost. Ien probleem bliuw echter. Der moast hieltyd in boatsje mei bemanning oanwezich wêze om de ôfdwaalde ballen út de Meinesleat te fiskjen. En it wie Eise Rozenberg dy de ballen oant de lêste wedstryd ta wer werom op it droege brocht.
Foto's ûnder: Ek de Akkrumer Froulju wiene aktyf yn de fuotbalsport.
Foto's onder: Ook de Akkrumer dames waren actief in de voetbalsport.